Antyfandalismebus as foarbyld

15 nov 2000 - 17:30

Mei de ûntbleating fan in keunstwurk fan stikkene fytsûnderdielen is tiisdei op 'e Tynje in antyfandalismeprojekt út ein set. Wethâlder Fransen fan Opsterlân joech it startskot ta de aksje.

It inisjatyf komt út it doarp sels wei. Gemeente en plysje wurkje mei. Ien fan de ûnderdielen is in antyfandalismebus. Bern út groep 7 en 8 fan 'e beide skoallen koene yn 'e bus sjen hoe't net moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)