FNP wol mear jild foar Biltsk
De FNP wol dat mear jild útlutsen wurdt foar de Biltske taal. De partij fynt dat no't it Frysk yn 'e lift sit, ek de oare talen yn Fryslân mear omtinken krije moatte.
De gemeente It Bilt lûkt sels 20.000 gûne út foar it Biltsk, de provinsje wol dat bedrach ferdûbelje. Dat is de FNP-steatefraksje te min. Dy fynt dat de provinsje 37.500 gûne jaan moat.