Faber makket ein oan guozzejacht

© Omrop Fryslân
Guozzen meie net langer fongen of deasketten wurde. Ek meie de bisten net langer ferjage wurde troch te sjitten. Dat skriuwt steatssiktaris Geke Faber yn in brief oan de Twadde Keamer.
It fuortjeien fan guozzen mei oare lûden mei noch wol. Fierder kinne boeren mei skea troch guozzen in berop dwaan op it jachtfûns. Faber wol fierder trochgean mei de gedoochgebieten foar guozzen.