Ferrassende ûntdekking yn museum

© Omrop Fryslân
Se hawwe har nuver fersind by museum Het Behouden Huys op Skylge. In koperen amer - al sûnt 1982 yn 'e kolleksje - is in lyts 2000 jier âlder as earst tocht.
Oannommen waard dat de út see opfiske amer net âlder wie as hûndert jier. No docht bliken dat er yn 'e 2e of 3e ieu troch de Galliërs of Germanen as urn brûkt waard. Der is nóch ien sa'n amer yn Nederlân fûn, by Nijmegen.