Weidum yn aksje foar 30 km

© Omrop Fryslân
Weidum sil yn aksje komme as de gemeente Littenseradiel de Hegedyk net oanpakt. De gemeente sei twa jier lyn ta dat de dyk in 30-kilometerdyk wurde soe. De gemeente hat lykwols gjin jild mear om't der net genôch ryksbydrage jûn is.
De Hegedyk yn Weidum wurdt brûkt troch in soad trochgeand ferkear, dat faak te hurd rydt. Pleatslik Nut sil no mei de Weidumers aksjes betinke.