Noch gjin operaasjes yn MCL

© Omrop Fryslân
It MCL-súd yn Ljouwert kin noch altiten gjin grutte operaasjes útfiere. De intensive care bliuwt seker oant tongersdei ticht, fanwege besmetting mei de MRAB-baktearje.
By de earste help hat de tydlike sluting al problemen jûn. In Stienzer mei in slachaderlike blieding moast trochferwiisd wurde nei Snits. Underweis stoar er. De famylje hat in klacht yntsjinne.