Bijman driget Ryk mei rjochtsaak

14 nov 2000 - 12:14

De provinsje stapt nei de rjochter as it Ryk it lêste stik Wâldwei net ferdûbelje wol. Dat sei deputearre Bijman moandei by de offisjele iepening fan 'e nije spoarbrêge by Grou.

Minister Netelenbos fan Ferkear moat har oan 'e ôfspraken hâlde. Hja seit gjin jild te hawwen foar de fundearring fan 'e wei en in fytspaad by de Fonejachtbrêge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)