Tredde ferlies foar Heerenveen
Fuotbalklub Heerenveen hat snein by Roda JC foar de tredde kear dizze kompetysje ferlern. De ploech ferlear kânsleas mei 3-1.
Nei in heal oere wie de spanning al fuort want Roda skoarde doe yn oardel minút twa kear. Ald-Heerenveenspiler Nygaard makke 3-0, Nurmela rêde de ear foar de Feansters.