Ferrassingen op de 1500 meter

© Omrop Fryslân
De 1500 meter op de NK reedriden brocht in soad spanning en ferrassingen. Net de 'spesjalisten' wûnen, mar Romme. Twad waard Tuitert en tred Wennemars; in poadium fol mei riders fan Mueller.
Ritsma waard fyfde, Postma stelde ek op dizze ôfstân teloar mei in njoggende plak. Beide meie net nei de earste World Cup. Wrâldrekôrhâlder Leeuwangh rêde dat yn de thriller ek mar krekt op.