Goed wykein foar Cramer

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer hat it op de NK-ôfstannen reedriden poerbêst dien. Nei fjirde plakken op de 1000 en 3000 meter, waard se snein fjirde op de 1500 en tredde op de 5000. Op alle ôfstannen mei de jonge Lemster no nei de World Cup.
De Jong waard op de 1500 meter tredde, Thomas sechsde. Ek sy geane nei de World Cup. De winst op de 5000 wie foar de yn Ljouwert wenjende Marja Vis.