Alve rydbewizen ynnaam

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân hat de ôfrûne oardel moanne fan alve minsken it rydbewiis ynnaam. Allegear hienen se te hurd riden. De plysje koe se trappearje troch laserkontrôle en in auto mei fideoapparatuer.
De nije wize fan kontrolearjen docht neffens de plysje fertuten. It 'rekôr' by de snelheidsmaniakken: 177 kilometer op in dyk dêr't 80 tastien is. De dieder rekke ek syn auto kwyt.