Froulju Sneek bliuwe oan kop
De foljebalsters fan Sneek ha sneontejûn mei 3-1 wûn fan Dwingeloo. De setstannen wienen 25-23, 20-25, 25-20 en 25-13. Troch de winst bliuwt Sneek, mei SoVoCo, koprinner yn de earste divyzje.
Beide ploegen spilen in matige partij. Coach Theo Wiersma en syn ploech wienen dan ek mar wat bliid dat de punten yn Snits bleaunen.