Gjin nij libben foar tsjerketoer

© Omrop Fryslân
De toer fan de grifformearde tsjerke yn Marrum wurdt dochs ôfbrutsen. It plan fan Jetse Terpstra om de spits mei de hoanne te behâlden binne op neat útrûn.
Terpstra woe fan de toer in lûker meitsje foar syn bedriuw yn Ryptsjerk. Hy miende dat er de gouden hoanne ek krije soe, mar de tsjerkerie wol dy net ôfstean. De ferhuzing giet no net troch en de toer wurdt moandei sloopt.