Restaurant yn Harns útbaarnd

10 nov 2000 - 16:30

It Sineeske restaurant oan it Havenplein yn Harns is tongersdeitemoarn betiid folslein útbaarnd. De brânwacht koe de 8 gesinsleden boppe it restaurant op 'e tiid befrije. Net ien rekke ferwûne. De oarsaak fan it fjoer is noch ûnbekend.

By it blussen krige it korps fan Harns help fan Frjentsjer, Wytmarsum en Ljouwert. Tsien dagen lyn wie der ek al brân yn de Harnzer binnenstêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)