3VO wol 'persoanlike APK'

10 nov 2000 - 11:21

In rydfeardigenstest foar autobestjoerders soe in soad ûngelokken foarkomme. Dat docht bliken út in rapport fan 3VO. De ferkearsorganisaasje die ûndersyk yn de trije noardlike provinsjes.

Tachtich prosint fan 'e autobestjoerders sakket as se no wer teoryeksamen dwaan moasten. 3VO wol no in saneamde 'persoanlike APK' ynfiere. De test soe om 'e tsien jier ôfnommen wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)