Nije Fries yn 'e Quote-list
Romke Kooyenga fan Dokkum is de iennige nijkommer út Fryslân yn 'e list fan 500 rykste Nederlanners. Neffens it sakeblêd Quote komt de eigner fan de Kooyengagroep binnen op plak 427 mei in fermogen fan sa'n 75 miljoen.
Oare rike Friezen dy't al langer yn de list steane binne Gerard Nieuwe Weme, Jan Riedstra en Durk Jager. De alderrykste Fries is Rinse Strikwerda.