Friesland stipet George W. Bush

© Omrop Fryslân
Dat it sa lang duorret foardat der in nije Amerikaanske presidint is leit him net oan de Fryske emigranten. Yn Vrieslandt-Michigan krige George W. Bush 80 % fan 'e stimmen. De ynwenners hawwe op Bush stimd omdat dy tsjin abortus is.
Ek yn Friesland-Wisconsin krige Gore net folle stimmen; hjir stimde 70 % op Bush. Tanksij de kiezers yn 'e stêden wûn Gore dochs noch yn Michigan en Wisconsin.