Fries skriuwt reisgids Spokanië

09 nov 2000 - 10:47

Net folle minsken kinne it lân Spokanië en dat is net frjemd. It is in fantasylân betocht troch Rolandt Tweehuysen út Kimswert. Hy hat oer it lân in reisgids skreaun.

De skriuwer hat foar Spokanië in eigen taal, stavering, kultuer en ferkearsregels optocht. De foto's yn 'e reisgids 'Spokanië' binne makke yn oare lannen en de persoanen binne meastentiids betocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)