Aksje fjoerwapens rint goed

© Omrop Fryslân
Yn it ramt fan de aksje 'Vuurwapens. Doe ze weg, of ze doen je wat' binne by de plysje Fryslân tusken de 30 en de 40 fjoerwapens ynlevere.
Minsken kinne fan 1 oant en mei 12 novimber wapens nei de plysje bringe, sûnder dat juridyske stappen ûndernommen wurde. Der sitte gloednije wapens by, mar ek wapens dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch it ferset brûkt binne.