Plysje nimt hûn yn beslach

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei yn Hurdegaryp in hûn yn beslach naam om't dy foar oerlêst soarge. De eigner fan de mastino is ek oanholden om't er him fersette. De plysje hat de man al fjouwer kear in proses-ferbaal jûn omdat de hûn losrûn.
De eigner wit net wêr't de hûn, dy't harket nei de namme Pavarotti, op dit stuit is. Hy soe noch noait immen biten hawwe. De plysje jout gjin kommentaar.