Stylfol slot Hearrenfean

08 nov 2000 - 16:51

Hearrenfean hat syn earste Champions League-aventoer stylfol ôfsletten. Yn en tsjin Valencia waard it tiisdei 1-1. Neidat Alonso 1-0 makke hie, soarge Venema yn de 37ste minút foar 1-1. Ebbinge waard yn de 60ste minút nei in twadde giele kaart fan it fjild stjoerd.

Valencia en Olympique Lyon pleatsten har foar de twadde ronde, Olympiakos bekeret fierder om de UEFA-cup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)