Noarden wol mear kultuerjild

© Omrop Fryslân
Steatssekretaris Van der Ploeg fan Kultuer moat mear jild útlûke foar de kultuer yn it Noarden. Dat sizze tal fan kulturele ynstellings yn Fryslân, Grinslân en Drinte.
Tiisdei reizge in delegaasje nei Den Haach om dêr in petysje oan te bieden oan de Twadde-Keamerkommisje foar kultuer. Yn de petysje wurdt om mear jild frege as at yn de kultuernota stiet.