Baas fan ferpleechhûs stapt op

© Omrop Fryslân
De direkteur fan ferpleechhûs Anna Schotanus op It Hearrenfean is opstapt. Ferline wike kaam in tige kritysk rapport út oer de problemen by it ferpleechhûs. It is ûndúdlik oft de direkteur om dat rapport de funksje dellein hat.
Yn it rapport stiet dat yn it ferpleechhûs gjin iepenheid is en de wurkdruk te heech. It fakbûn dat op ûndersyk oanstie is bliid mei romte foar in nije baas.