Undersyk nei feilichheid

07 nov 2000 - 18:42

De gemeente Opsterlân ûndersiket de gefoelens fan feilichheid by har ynwenners. De gemeente hat lege kriminaliteitssifers, mar dat seit neat oer it al of net feilich fielen.

Tûzen ynwenners wurde frege om oan it ûndersyk mei te dwaan. De útslach moat takom jier febrewaris bekend wêze. Op basis dêrfan stelt de gemeente in yntegraal feilichheidsbelied op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)