Iisstadionferbod âld-meiwurker

© Omrop Fryslân
Ald-administrateur en trener Bethlehem fan Thialf op It Hearrenfean mei net mear yn it iisstadion komme. De direksje hat him in ferbod oplein nei't er de gemeente op 'e hichte steld hie fan it gefaar fan in foarried ammoniak yn Thialf.
Ferline jier rekke Bethlehem syn baan kwyt. Neffens de direksje die er syn wurk net goed. De rjochter bepaalde dat Thialf in ôfkeapsom betelje moast.