Advys om minder fisk te fangen

© Omrop Fryslân
De fiskerij op kabeljau, tong en skol moat ynkrompen wurde. Dat advisearje ynternasjonale fiskerijbiologen. It ICES jout it advys om takom jier de kabeljaufiskerij yn de Noardsee ta it leechst mooglike nivo werom te bringen.
De Europeeske ministearjes foar fiskerij yn Brussel nimme yn desimber in definityf beslút oer hoefolle oft der fan elke fisksoarte fongen wurde mei yn 2001.