Pân moat ûntromme wurde

© Omrop Fryslân
It pân oan de Eastersingel yn Ljouwert moat binnen twa dagen ûntromme wêze. As dat net bart folget in twangsom. Dat bepaalde de rjochtbank moandei yn it koart pleit fan de eigner tsjin de gemeente.
De gemeente wol it pân as tydlike opfang foar drugsferslaafde thús- en dakleazen brûke. By de yn july sletten oerienkomst tusken de partijen is neffens de eigner neat sein oer drugsferslaafden.