Gearwurking mei Falköping

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân sil gearwurkje mei de gemeente Falköping yn it suden fan Sweden op it mêd fan ôffalferwurking. Beide gemeenten ûndertekenen moandei in konvenant dêrta.
Mei de gearwurking wolle beide partners mear kunde krije oer it ôffalynsammeljen en de dêrbyhearrende techniken. Ek it útwikseljen fan ideeën oer bewust ynsammelen is by de gearwurking fan belang.