Stúdzjemiddei oer mennisten

06 nov 2000 - 10:04

De Fryske Akademy en it Menniste Seminaarje út Amsterdam organisearje freed 10 novimber in stúdzjemiddei oer de skiednis fan it 'doperdom' 1531-1675.

It program bestiet út de oanbieding fan it earste eksimplaar fan dr. Zijlstra's boek 'Om de ware gemeente en de oude gronden.' Ferskate heechleararen reagearje op it boek fan de Akademymeiwurker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)