East-Fryslân populêr by dieven

03 nov 2000 - 13:11

De kâns op ynbraak is yn Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen grutter as yn de rest fan de provinsje. Dat blykt út sifers fan de plysje Noard-East Fryslân. Yn Achtkarspelen is de kâns sels trije kear sa grut.

Neffens de plysje komt dat om't yn de twa gemeenten in soad trochgeande diken lizze. Dat jout dieven dy't fan bûten komme de kâns om maklik út te naaien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)