Saak tsjin Togolees oanhâlden

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert hat tongersdei de saak tsjin in Togolees oanhâlden. De rjochter wol earst de útslach fan in DNA-ûndersyk ôfwachtsje. Boppedat moat de jonge psychiatrysk ûndersocht wurde.
De jonge wurdt der fan fertocht in húsgenoat ombrocht te hawwen, fan 't simmer yn Damwâld. De jonge seit dat er 15 is, mar neffens bonke-ûndersyk is er 21. De âldens is wichtich foar de strafmjitte.