Sweeftrein djoerder as tocht

© Omrop Fryslân
De oanlis fan in magneetsweefbaan wurdt stadichoan ûnwisser. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de oanlis mear as 14 miljard gûne kostje moat, fiif miljard mear as oant no ta oannaam.
It kabinet brûkt it ûndersyk by har beslútfoarming. De PvdA en de VVD ha har al negatyf útlitten oer de sweeftrein. De Suderseeline of in gewoan spoar mei TGV blike in stik goedkeaper oplossings.