Jonge mishannele yn tunneltsje

© Omrop Fryslân
In jonge út Drachten (16) is woansdei yn syn wenplak mishannele troch in ûnbekende man. It slachtoffer stie mei in oare jonge yn it tunneltsje by de Rien, doe't de man in praatsje mei harren begûn.
Ynienen trape de man de jonge yn it ûnderliif en tsjin de skonk. De jonge is foar observaasje opnommen yn it sikehûs. De dieders is 25 jier, hat koart hier en in Súd-Europeesk úterlik.