KPN jout Feansters kadobon

© Omrop Fryslân
KPN sil kadobonnen fan fyftich gûne útdiele oan abonnees yn Hearrenfean. De bonnen binne in kompinsaasje foar de oerlêst nei de ynslach yn de tillefoansintrale, yn septimber. Dêrtroch rekken 1600 oanslutings tydlik bûten gebrûk.
KPN woe earst gjin fergoeding jaan, mar is nei druk fan de gemeente omgien. It bedriuw hat nea op sa'n grutte skaal in fergoeding jûn oan partikulieren.