Undersyk nei grûn yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert lit in ûndersyk dwaan nei fersmoarging fan de grûn. It boaiemûndersyk rjochtet him op de fersmoarging sa't dy yn de rin fan de jierren troch bewenning ûntstien is.
De ûndersikers komme by 400 húshâldingen yn de stêd en oanbuorjende doarpen del. Ljouwert is de earste gemeente yn de provinsje dy't op sa'n grutte skaal de grûn ûndersiket.