Cambuur út beker nei ferlies

© Omrop Fryslân
Cambuur hat tiisdeitejûn yn Almelo mei 3-2 ferlern fan Heracles. Yn fjouwer minuten tiid skoarde de thúsploech trije kear achterelkoar. De Ljouwerters moasten mei tsien man fierder nei't Van der Heide in reade kaart krige.
Cambuurspilers Mann en Goudmijn makken nei rêst beide noch in goal. It resultaat wie net goed genôch foar de ploech om yn it bekertoernoai te bliuwen.