Mear omtinken foar homo's

© Omrop Fryslân
Der moat mear jild en omtinken komme foar de emansipaasje fan homoseksuelen yn it noarden fan Nederlân. It Anna Blamanhûs yn Ljouwert hie dêrom moandei in delegaasje fan lanlike, provinsjale en gemeentlike politisy útnoege.
It Anna Blamanhûs is in biblioteek en dokumintaasjesintrum foar homo's. Der binne mar twa fan yn it lân. Mei de besite hopet it hûs op mear ryksjild.