Skea fan hjerststoarm falt ta

31 okt 2000 - 11:23

De skea fan de súdwesterstoarm is yn Fryslân beheind bleaun. In pear beammen en buorden waaiden om. It treinferkear tusken Ljouwert en Harns wie in skoftke stremd om't in beam op it spoar lei.

Pompen fan it wetterskip moasten de problemen mei it hege wetter op Skylge oplosse. Huzen waarden mei sânsekken beskerme. De bou fan de Avérotoer yn Ljouwert is stillein fanwegen it minne waar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)