Wurdboek Noardfrysk-Russysk

30 okt 2000 - 15:37

Russen kinne tenei in stik makliker Noardfrysk leare. De taalkundige Mark Diatchkov hat in wurdboek Ferring-Russysk makke mei 2300 wurden. Ferring is de taal fan it eilân Feer (Föhr) en ien fan de grutste Noardfryske farianten.

It wurdboek is benammen handich foar de hûnderten saneamde Ruslân-Dútsers, dy't yn Noardfryslân wenje. It wurdboek is yn 'e hannel foar 60 Roebel of 4 Mark.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)