Film Bonifatius yn premiêre
Yn Dokkum belibbe de film Bonifatius sneon foar 350 minsken syn premiêre. De film waard makke troch Anton Stoelwinder fan 'e Gordyk, yn opdracht fan de gemeente Dongeradiel.
Yn 2004 moat der in grutte betinking komme fan Bonifatius, sa sei de gemeente sneon. Dan is it 1250 jier ferlyn dat Bonifatius by Dokkum om it libben brocht waard.