Snits pakt puntsje by Quick '20

© Omrop Fryslân
Yn de haadklasse C fan it sneinsfuotbal is Snits der yn slagge in puntsje te pakken. De wedstriid Quick'20-Sneek einige yn 1-1. De earste helte wie Quick'20 de bêste ploech, mar de twadde helte wiene de rollen omdraaid.
Yn de 1e klasse F wûn Wolvegea thús mei 2-0 fan MSC. De Wolwegeasters komme dêrmei op 14 punten út 8 wedstriden.