Nominaasje foar Reid de Jong

© Omrop Fryslân
Yngenieur Reid de Jong út Warkum is nominearre foar in belangrike priis op it mêd fan histoarysk skipsbehâld. De Edgar Donckerpriis is in bedrach fan trije ton, wêr't 250.000 gûne fan oan in restauraasjeprojekt bestege wurde moat.
De Jong rjochte ferskate ferieningen op dy't âlde skippen behâlde. Hy wie ek de inisjatyfnimmer fan de Strontrace en Sail. Der binne fiif minsken nominearre.