Dei fan it ear
De dei fan it ear wie it sneon. Belangstellenden koenen yn Ljouwert fergees it gehoar teste litte. In audiolooch beoardiele en bekommintariearre de resultaten nei ôfrin.
De belutsen organisaasjes dielden ynformaasje út oer it tefoaren kommen fan skea. Per jier komme der lanlik 20.000 minsken, fral jongeren, by dy't net goed hearre. Gehoarskea is net te ferhelpen.