Alde stedskapper yn Ljouwert

29 okt 2000 - 14:29

Knipt wurde yn in saak dêr't de tiid 100 jier lyn stilstean bleaun is, kin meikoarten yn Ljouwert. It lytse pân yn de Tsjerkestrjitte dat yn de sfear fan 1900 werombrocht is, iepenet op 1 novimber.

De stasjonskapper kocht it pân fjouwer jier lyn en brocht it ynterieur yn de âlde steat werom. Fan it begjin fan de foarige ieu oant 1975 ta wie it kappersbedriuw yn hannen fan 'e Kindermans.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)