Cambuur skriuwt trije punten by

© Omrop Fryslân
SC Cambuur fersloech sneon yn it eigen stadion yn Ljouwert Volendam mei 1-0. It doelpunt waard yn de tsiende minút makke troch Sandor van der Heide. De 3 punten wiene sûnder mear fertsjinne.
Nettsjinsteande de winst waard by de Ljouwerters hast allinnich mar praat oer De Ron en Durmusoglu dy't troch trener Kruys út de seleksje set binne. De oare spilers ha sein efter dy beide te stean.