Lantearnepeallen baarne te let

28 okt 2000 - 19:28

De NUON hie freed op 'e nij te krijen mei in stroomsteuring. Yn in grut part fan it noardwesten fan de provinsje gie de strjitferljochting de jûns pas om kertier foar njoggenen oan.

In stikkene kabel yn de ynstallaasje by Tytsjerk feroarsake de steuring. De kabel jout sinjalen troch oan lantearnepeallen op de dyk. Ferline wike bleau it ek al in skoftke tsjuster op strjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)