Nije proefbuorkerij by Ljouwert

28 okt 2000 - 14:52

De earste kij steane op stâl yn de nije proefbuorkerij Nij Bosma Zathe. De buorkerij yn de Boksumer polder jout greidboeren foarljochting oer miljeu- en natuerfreonlik buorkjen. Boeren kinne ek sjen hoe't in robot it melken oernimt.

It sân miljoen kostjende bedriuw is noch net klear. Begjin desimber iepenet de proefbuorkerij offisjeel de doarren. Der komme tsien wurknimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)