MKB wol skeafûns foar bedriuwen

© Omrop Fryslân
De ûndernimmersorganisaasje foar it midden- en lytsbedriuw wol in spesjaal fûns oprjochtsje foar ûndernimmers dy't yn finansjele swierrichheden reitsje troch wurksumheden oan diken, strjitten en pleinen lykas yn Ljouwert.
Undersyk fan it MKB wiisde út dat it juridysk hast ûnmooglik is in skeaclaim yn te tsjinjen. In skeafûns moat tefoaren komme dat bedriuwen fallyt geane.