Bou VVV-kantoar útsteld

27 okt 2000 - 18:53

De bou fan it nije VVV-kantoar op It Amelân is mei fjirtjin dagen útsteld om't der beswier tsjin de boufergunning oantekene is troch in omwenjende. Dy soe troch it nije gebou gjin útsjoch mear ha mei in mooglike weardefermindering fan it hûs fan gefolgen.

De boufergunning wurdt no troch de rjochtbank op 'e nij besjoen. It grûnwurk fan it nije kantoar is no klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)