Ein oan recycling fideobannen

27 okt 2000 - 16:03

Alde fideobannen krije foarearst gjin twadde libben mear. It fideorecyclingprojekt fan de sosjale wurkfoarsjenning Marrelân yn Snits is mislearre.

Oardel jier lyn is it projekt begûn. It koe hast net oars as in súkses wurde, want der binne sa'n 200 miljoen bannen, dy't de kommende tiid ferfongen wurde moatte. Nei in proef mei 100.000 bannen kaam der lykwols neat mear binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)